Holle Mei Ferhalen

Ik haw in holle mei ferhalen
It binne oantinkens oan dy
Ik haw in holle fol ferhalen
Dy ferhalen binne fan my
Se binne fan my
Ja, fan my

Ik haw in holle fol ferhalen
Dizze wol ik nea wer kwyt
Want dy wurden jouwe my waarmte
Yn tiiden fan fertriet
Fan fertriet
Mmmmm... Fertriet

Ik haw in holle mei ferhalen
Ik lês se kear op kear
Ik haw allinich mar ferhalen
Want do bist hjir net mear
Bist hjir net mear
Nee... Net mear

Ik haw in holle mei ferhalen
Dêryn lykje ik op dy
Ik doch myn bêst se te ûnthâlden
Want sa libbest troch yn my
Do libbest troch
Do libbest troch yn my

Se binne sa moai
Oooh sa moai
Se binne sa fleurich en sa frij
Dogge my tinken oan dy
Oooh sa moai

Ik haw in holle mei ferhalen
Se sitte yn in grutte kist
Ik wol se jimme fertelle
Dan is it krekt ast der wer bist
Ik mis dy sa
Mar dat wist
Dat ik dy mis
Dat ik dy mis
Dat ik dy mis

Se binne sa moai
Oooh sa moai
Se binne sa fleurich en sa frij
Dogge my tinken oan dy
Oooh sa moai

Se binne sa moai
Ooh sa moai
O sa grappich... o sa dom
Ik laitsje derom
Oooh sa moai
Oooh sa moai
Sa moai
Oooh sa moai
Sa moai



Credits
Writer(s): Jan Hoekstra
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link