Fjochter

Al giet se del
Se komt oerein
Kear op kear
Dat hiele ein
Geduld foar twa
Do hjearst har net
Se hâldt wol fol
Al wurdt it let
Te let

Stapke foar stapke
Dei yn dei út
Wiken of moannen
In jier foarút

Ja, se fjocht
Mei in linkse of in rjochtse
Ja, se fjocht
En giet neat út de wei
Dizze frou sit wol fjoer
En se kin in soad ferneare
At se fjocht
Want se fjocht foar eltse dei

Se fynt de krêft
Om troch te gean
De kop derfoar
Se bliuwt wol stean
Elk avontoer
Dat giet se oan
Al is it neat
Se giet gewoan
Foar har is dat gewoan

Stapke foar stapke
Dei yn dei út
Wiken of moannen
In jier foarút

Ja, se fjocht
Mei in linkse of in rjochtse
Ja, se fjocht
En giet neat út de wei
Want dizze frou sit wol fjoer
En se kin in soad ferneare
At se fjocht
Want se fjocht foar eltse dei

Ja se fjocht
Ja se fjocht
Jaaaah... Se fjocht
Dizze frou sit wol fjoer
En se kin in soad ferneare
At se fjocht
Want se fjocht

Ja, se fjocht
Tinkt oan 'e maaitiid en de sinne
Ja, se fjocht
Slaat it wintertekken ôf
Want dizze frou sit wol fjoer
Kin de kjelt net mear ferneare
Want se fjocht
Ja se sjocht
It ljocht
Fan in nije dei



Credits
Writer(s): Jan Hoekstra
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link