Paad Nei Hús

Myn frou en myn bern lit ik efter my
Problemen
Soarchen
Lit ik se by dy?
Wat kin it ek skele
Ik gean der fan troch
De doar doch ik ticht
Ik bin fuort!

De dyk en it waar wurkje net mei
Unflak, de loft skier
Mar ik bin op wei
Ik draaf as in gek
Myn hertslach omheech
It ferstân giet op nul
Holle leech

Wat is dit dochs hearlik
Dit frije gefoel
Allinich mysels mar wat is it doel
Gjin minsk te bekennen wêr ik ek sjoch
De meters dy fleane ûnder my troch
Noch ien kear fersnelle
Dat is wat ik doch
Ik bin dwerstroch
Wie dat it doel?

Wat is dit dochs hearlik
Dit frije gefoel
Allinich mysels mar wat is it doel
Gjin minsk te bekennen wêr ik ek sjoch
De meters dy fleane ûnder my troch
Noch ien kear fersnelle
Dat is wat ik doch
Ik bin dwerstroch

Ik draaf no al skoften
Mysels foarby
Mar rêst haw ik nedich
En dat fyn ik by dy
Ik bin werom dêr't allegear begûn
It paad nei hús
Ha'k wer fûn



Credits
Writer(s): Jan Hoekstra
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link