skourre & kapot

We binne it ljocht
En it tsjuster
We binne leafde en it tsjuster fret ús op
We meitsje, bouwe en brekke alles wer ôf
We weagje it te hielen
En slaan it stikken, skuorre en kapot

Och, wat bisto leaf
Betiden echt en somtiden in spultsje
We kinne raze en razend lilk wêze
En dan wer balsemje,
In sêfte stim en in oanrekking op 'e earm
Yntins leaf wêze en my mei dyn moaie eagen oansjen
Och do bist sa leaf

We tinke allinnich oan ússels, en binne ien mei alles
Hâlde it stiif beet, en litte it sa wer falle

We binne fan wetter en fan stien
Gean dwers troch alles hinne
Mar neat dwaan is ek moedich
En dan komme de triennen

We moatte it oan de kant skowe
Sizze se
Wat we fiele tsjinnet ús net
Sizze se
De minsken dy't mei har holle prate
En net út har hert wei

It moat better, better wurde, better wêze
We moatte better ús bêst dwaan
Flink wêze, trochsette; ús der trochhinne slaan
It moat better, better wurde, better wêze
We moatte better ús bêst dwaan
Flink wêze, trochsette; ús der trochhinne slaan

Wêrom moatte we makke wurde
Hoe kinne we beide wêze

We binne leafde, it ljocht
En it tsjuster fret ús op

Ik bin leafde
Ik bin it ljocht
Ik bin leafde
Ik bin it ljocht

Skuorre en kapot
Skuorre en kapot
Skuorre en kapot
Skuorre en kapot
Skuorre en kapot
Skuorre en kapot
Skuorre en kapot



Credits
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link