Tiidkapsule

Do bist net mear in lytse jonge
Bist al in hiele grutte fint
Mar do moatst noch wol in hiel soad leare
Gean op syk nei dyn talint

Do hast no faak al grutte plannen
Mei dyn fantasy komst do hiel fier
Dizze mominten sil ik nea ferjitte
Ik skriuw se foar dy op papier

Kom... Wy stopje it yn in tiidkapsule
We witte net wat kommen giet
Mar we prate ôf wy meitjse wille
Sa fleane wy dan troch de tiid
Kom we stopje it yn in tiidkapsule
Ja we stopje it yn in tiidkapsule
Kom we stopje it yn in tiidkapsule

He heit do makkest leuke ferskes
Ik sjong se mei. En ek dit liet
Mar wat wolst dan mei berikke
Ik sis dy dit, it makket my bliid

Se fertelle dy myn ferhalen
Bytyden wier mar soms ek net
Mar litte wy tegearre sjonge
Nee, it is nog net te let

En dan
Stopje wy it yn in tiidkapsule
We witte net wat kommen giet
Mar we prate ôf wy meitjse wille
Sa fleane wy dan troch de tiid
Kom we stopje it yn in tiidkapsule
Ja we stopje it yn in tiidkapsule
Kom we stopje it yn in tiidkapsule

Oer 18 jier bisto al wat âlder
Noch folle grutter en in echte hear
Wat hasto do dien mei al dyn plannen
Ik tink in soad, mar miskien wol mear

Mar dêr wol ik no noch net oan tinke
Dat is my fierstente fier foarút
Kom litte wy dit libben fiere
En sjonge sa dit ferske út

En dan
Stopje wy it yn in tiidkapsule
We witte net wat kommen giet
Mar we prate ôf wy meitjse wille
Sa fleane wy dan troch de tiid
Kom... Wy stopje it yn in tiidkapsule
We witte net wat kommen giet
Mar we prate ôf wy meitjse wille
Sa fleane wy dan troch de tiid



Credits
Writer(s): Jan Hoekstra
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link