Dat Dit Mei

Fan de ien op 'e oare dei
Floeit de krêft út myn hânnen wei
Krekt as wetter ferdwynt yn 'e grûn
Mar dat wetter is op 'e rin
It fynt syn wei nei in nij begjin
Floeit dy krêft oait werom nei der't begûn

Wêr giet it hinne
Wêr komt it wei
Ik wol it begripe, mar it antwurd bliuwt út
Dat dit mei!!!
Ik sjoch my sels sitten
Ferslein yn myn stoel
Ik bin no in skym fan de man dy't ik wie
En dat is net hoe ik it bedoel
Bedoel

En myn fuotten stean wer 't se stean
De sinne ropt, se litte my net gean
Bin in tûke... sit fêst oan de beam
Mar in beam groeit de hichte yn
Dus hy sjocht wer 't de sinne skynt
Kom ik oait noch werom út dizze dream

Wêr giet it hinne
Wêr komt it wei
Ik wol it begripe, mar it antwurd bliuwt út
Dat dit mei
Ik sjoch my sels sitten
Ferslein yn myn stoel
Ik bin no in skym fan de man dy't ik wie
En dat is net hoe ik it bedoel

En al giet it my net foar de wyn
In soad pine en gjin medisyn
Ik mei wol skelle, mar ik hâld my yn
Want it jout my dochs neat
Nee, it jout my dochs neat
Nee, it jout neat
It jout neat
Dat dit mei

Wêr giet it hinne
Wêr kaam it wei
Ik wol it begripe, mar it antwurd bliuwt út
Dat dit mei
Wêr giet it hinne
Wêr kaam it wei
Ik wol it begripe, mar it antwurd bliuwt út
Dat dit mei!!!
Ik sjoch my sels sitten
Ferslein yn myn stoel
Ik bin no in skym fan de man dy't ik wie
En dat is net hoe ik it bedoel

Dat dit mei



Credits
Writer(s): Jan Hoekstra
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link