Heger

Ik wol heger folle heger
Folle heger as ik no kin
Ik wol dy top berikke
En as ik dêr uteinlik bin
No dan lit ik my falle
Ik flean nei ûnderen mei folle gong
En dan hoopje ik op in wûnder
En sa bin ik wer wêrom
Ik bin wer wêrom

Ik wrot hjir troch de ierde
Myn hânnen dy sjoche swart
Ik bûch foaroer en ik skep mar troch
Noch djipper moat dit gat

Myn doel is heger komme
Mar ik moat earst nei ûnderen ta
Fanút de delte sjoch je better
Ja dêr boppe moat it sa

Ik wol heger folle heger

Ik bin al dagen dwaande
Dagen yn 't gewear
Ik ha de blieren yn myn hânnen
En myn rech dy docht wat sear

Mar it fielt as bin ik heger
Folle heger as 't ferline
Nimmen sil begrype
As ik straks boppe se ferskyn

Ik wol heger folle heger
Folle heger as ik no kin
Ik wol dy top berikke
En as ik dêr uteinlik bin
No dan lit ik my falle
Ik flean nei ûnderen mei folle gong
En dan hoopje ik op in wûnder
En sa bin ik wer wêrom
Ik bin wer wêrom
Ooooh wer wêrom
Wer wêrom
Ooooh oooh yeah

Nea mear bang foar deltes
Of te fallen yn in djip gat
Dyn basis moat goed wêze
Noch folle heger kin dy lat

Ja, Ik wol omheech
Ik wol omheech, mar ik wit net wêrom
Ik wol omheech
Ik wol omheech en omleech en omheech en omleech

Ik wol heger folle heger
Folle heger as ik no kin
Ik wol dy top berikke
En as ik dêr uteinlik bin
No dan lit ik my falle
Ik flean nei ûnderen mei folle gong
En dan hoopje ik op in wûnder
En sa bin ik wer wêrom
Ik bin wer wêrom



Credits
Writer(s): Jan Hoekstra
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link