Slieptekoart

Ik kin de sliep mar net krije
Sjoch elk oere fan de klok
Ik tink werkelik oan fan alles
Myn holle hat it wer ris drok

Doch myn eagen noch ris ticht
Besykje opnij te sliepen
Mar ik wit no einliks al lang
Oer in oere binne se wêr iepen

Ik wol dreame... dreame... dreame oer dy
Mar myn dreamen fleane my foarby

De dingen dêr 't ik no oan tink
Ha neat mei inoar te meitsjen
It binne flarden út it ferline
As kûgels wolle se my reitsje

De doar fan juster doch ik ticht
De moarn komt my al temjitte
Dêr is fan alles wat ik wol
Wat ik kin of sil, ik moat neat ferjitte

Ik wol dreame... dreame... dreame oer dy
Mar myn dreamen fleane my foarby

Fan wurches falle myn eachen ticht
De moarn bringt ljocht yn ús keamer
It ein fan dizze nacht is no yn sicht
Myn wekker wint it fan de dreamen

Ik wol dreame... dreame... dreame oer dy
Mar myn dreamen fleane
Flean my foarby
Mar myn dreamen fleane my foarby



Credits
Writer(s): Jan Hoekstra
Lyrics powered by www.musixmatch.com

Link